“Masterplan Watersportkern Franeker”.
Reactie van de fractie van de PvdA Franekeradeel op het onderwerp Op de gemeenteraadsvergadering van 6 oktober 2011
Wat moatte we mei in masterplan Wettersport Kearn Frjentsjert yn in tiid dat der enorm besunige wurde moat? Sa soe men begjinne kinne…
Mar krekt foar it simmerreses ha wy as gemeenterie de bestjoerlike ambysje fêststeld. Ek oare ambysjes moatte je hawwe. As je gjin ambysjes mear hawwe is it “dood in de pot” en as gemeente binne je dan in sliepende gemeente.
Dêrom moatte we dit Masterplan oannimme, fêststelle as ambysje.
Mar sjoen nei wat it kostje moat, is dit dan net in dream? We kinnen allegearre it ferske fan Marco Borsato: De meeste dromen zijn bedrog. Yn it ferske hat hy it oer “De meeste dromen”, lit dit no in dream wêze dy’t útkomme kin.
Fansels, at we rommer yn it jild sitte soenen wie it makliker, yn elts gefal minder moeilik te ferwezenliken.
As we der hoeden mei omgean, maksimaal gebrûk meitsje fan finansieringsmooglikheden kin der oan wurke wurde.
It biedt kansen foar Frjentsjert, mar ek foar de omkriten, as we sjogge nei de faarrûtes nei it noarden en it suden.
Wy binne akkoard mei de doe-plannen yn it útfieringsprogram.
Wy binne it mei it kolleezje iens dat it útfieringsprogram in dynamysk wurkdokument is, want om it út te fieren sil dat hiel wat jierren yn beslach nimme en elke tiid hat syn eigen aardichheden en syn eigenaardichheden.
Prioriteit oan de Noardelike Elfstedenrûte is ek wat ús oanbelanget, akkoard. Wy moatte ynspylje op it grutter tal boaten dy’t de Doanjumerfeart yn- of útfarre.
Noch ien ding: Wy rjochtsje ús no op minsken mei in boat, op minsken dy’t wat te besteegjen hawwe yn ‘e hoop dat se hjir wat jild tabringe. Litte wy der by de útfiering der foar soargje dat it net ten koste giet fan oare fersjennings en foaral net fan foarsjennings dêr’t ús ynwenners dy’t oan de ûnderkant fan de maatskiplike ledder sitte of stean, gebrûk fan meitsje.
At wy dêr foar soargje, dan sizze wy: “Ja, dizze ambysje omearmje wy”.